Kultuerfûns Fryslân ynvestearret 35.000 euro yn 20 kultuerprojekten

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it tredde fearnsjier fan 2022 oan 20 kultuerprojekten in finansjele bydrage tasein. It giet om in bedrach fan yn totaal 35.000 euro.
3 oktober 2022
Kultuerfûns Fryslân ynvestearret 35.000 euro yn 20 kultuerprojekten
Fotocredits:
Oorlog in mijn buurt - Brandeis Fotografie

It is elk fearnsjier mooglik om in finansjele bydrage foar in projekt oan te freegjen. De kritearia dêr't in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it Cultuurfonds. Hjirûnder ljochtsje wy in pear takenningen ta. De folsleine list mei takennings út dizze tredde ronde is te finen op https://www.cultuurfonds.nl/kwartaaltoekenningen-derde-kwartaal-2022-friesland

Oorlog in mijn buurt

Stichting In mijn buurt krijt € 5.000 foar it projekt Oorlog in mijn buurt. In edukaasjeprojekt op 5 basisskoallen op Skylge, Flylân en Skiermûntseach. Learlingen ûntwikkelje bewustwêzen oer de Twadde Wrâldoarloch troch âlderen, dy 't de oarloch meimakke hawwe, te ynterviewen. De learlingen kinne it ferhaal as erfgoeddrager trochfertelle oan de folgjende generaasje. De bydrage is beskikber steld út it Fûns op Namme Kijlstra Smid.

Restauraasje hekwurk Schettens

De Protestantske gemeente Schettens-Schraard-Longerhouw-Wons krijt € 1.250 foar de restauraasje fan it smei-izeren stek út 1873 om de tsjerke en begraafplak te Skettens. De bydrage wurdt beskikber steld út it Fûns op Namme Nijman Biermasz 17 doarpen fûns.

Pinokkio/Lost time

Hoe is it om queer te wêzen yn Fryslân? De teäterfoarstelling Pinokkio/Lost time (wurktitel) besiket op basis fan ynterviews mei Fryske queers, út en noch net út de kast, oer harren coming-out in antwurd te jaan op dizze fraach. Stichting Draaijer & De Vries krijt foar dizze foarstelling € 2.500.