Regeling lytse natuerprojekten

Hieltyd faker nimme minsken sels inisjatyf foar mear grien yn harren eigen omjouwing. Grientetunen wurde oanlein en beheard, kuierpaden en fytsrûtes makke, nije natuer ynrjochte en bisten holpen mei nêstkasten en streksume planten.

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hâldt fan grien en wol natuerinisjativen stimulearje en stypje. Dêrom is der no de Regeling lytse natuerprojekten. Dizze regeling is fan krêft o/m 31 desimber 2022 en foar safier 't it dêrfoar beskikbere budzjet tarikkend is.

Foar wa?

Doel fan dizze regeling is frijwilligersinisjativen foar natuer yn de provinsje Fryslân te stypjen. Sa wurdt de provinsje griener, de natuer diverser en helpe wy ynwenners dy ’t har frijwillich ynsette wolle foar natuer yn harren omjouwing.

Oanfragen kinne bygelyks yntsjinne wurde foar:

  • (materialen foar) nêstkasten, nêstpannen, bijekasten en bijekuorren
  • ynrjochtsje fan pluktunen of ynsektegreiden (plantguod, beampeallen en -lint)
  • materialen om ûndersyk te dwaan (mûzefallen, fûken, nachtsjoggers, bewegingskamera's)
  • edukative projekten op it mêd fan natuer (workshops, lesmateriaal foar skoallen)

Jo oanfraach moat oan de neikommende kriteria foldwaan:

  • stichtingen en ferieningen, mar ek groepen persoanen, bygelyks in buert of wyk, kinne in oanfraach dwaan *
  • jo projekt moat troch frijwilligers útfierd wurde
  • jo projekt moat yn de iepenbiere romte yn de provinsje Fryslân plakfine, of de natuer moat tagonklik wêze foar tredden
  • it projekt mei net fan start gien wêze foar 't it beslút oer jo oanfraach nommen is en moat binnen ien jier klear wêze
  • de totale kosten fan it projekt binne op syn minst € 250 en maksimaal € 1.500 euro. De maksimale bydrage per oanfraach is € 750
  • kofinansiering (oerheden, crowdfunding of eigen ynkomsten) is in pree, mar net ferplichte

* Groepen persoanen moatte foldwaan oan de neikommende betingsten:

  • twa of mear persoanen, gjin famylje
  • in mienskiplik doel, belang of in beskate taak hawwe op it mêd fan natuer mei (wurk)ôfspraken
  • de taak wurdt belangeleas en/of net foar eigen gewin útfierd
  • der is mienskiplike en ûnderlinge ferantwurdlikheid foar it resultaat

Wat krijt gjin stipe?

Foar de neikommende saken kin gjín stipe oanfrege wurde:

  • projekten mei kommersjele belangen
  • fûnswurkjende aktiviteiten
  • prizen/priisútrikkingen

Hoe lang duorret in oanfraach?

Oanfragen foar de Regeling lytse natuerprojekten kinne oanhâldend yntsjinne wurde en wurde ien kear yn 'e moanne ôfhannele (útsein de moannen july en augustus ).

Hoe wurket it?

Jo kinne de oanfraach yntsjinje troch it stjoeren fan in mail nei friesland@cultuurfonds.nl.

Yn dizze mail moatte jo dúdlik oanjaan:

  • (út namme fan) wa't (jo) de oanfraach docht/dogge
  • namme kontaktpersoan, adres, postkoade, wenplak
  • (mobile) telefoannûmer en mailadres
  • IBAN-nûmer en it op namme setten fan de rekken (foar de finansjele ôfwurking)

In komplete oanfraach befettet yn alle gefallen ek de neikommende taheakken:

  • n koarte omskriuwing fan wat jo dwaan wolle (projektplan)
  • in begrutting
  • in dekkingsplan (jou oan hoe ’t jo ferwachtsje de kosten te dekken)
  • de statuten fan de oanfreegjende organisaasje (allinnich as it om in rjochtspersoan giet)
  • in aktueel úttreksel fan de Keamer fan Keaphannel (allinnich as it om in rjochtspersoan giet)

Ut de Regeling lytse natuerprojekten wei wurdt maksimaal ien kear yn it kalinderjier in bydrage oan in organisaasje of groep takend. Foar itselde projekt wurdt yn in takom kalinderjier net wer in bydrage takend.

Hoe is de betelling regele?

Beteljen wurdt dien troch in foarskot fan 50% fan de taseine bydrage (direkt nei de tawizing; dêrfoar hoege jo gjin aksje te ûndernimmen) en 50% efterôf, nei it yntsjinjen fan in ferantwurding.

Dêrfoar moatte jo ús oer e-mail friesland@cultuurfonds.nl stjoere.:

  • in finansjeel oersjoch - ûndertekene troch 2 bestjoersleden/belutsenen - dat der sa útsjocht
    • 1ekolom: de útjeften en ynkomsten lykas begrutte by de oanfraach
    • 2e kolom: de werklike útjeften en ynkomsten
  • scans fan (in) faktuer/faktueren (oant op syn minst it taseine bedrach) en in bewiis fan betelling

Natueroanfragen dy 't bûten dizze regeling falle

Oanfragen op it mêd fan natuer dy 't bûten dizze regeling falle, kinne (allinnich troch stichtingen en ferieningen) fia de reguliere online oanfraachproseduere yntsjinne wurde.