It Cultuurfonds ynvestearret alle jierren goed 35 miljoen euro yn kultuer en natuer. Dat jild giet nei sa 'n 3.500 projekten troch hiel Nederlân, yn it Karibysk part fan it keninkryk en yn Suriname. Dat dogge wy mei de bydrage fan de VriendenLoterij en Nederlandse Loterij, fan ús skinkers en donateurs en mei ús partners. Njonken it lanlik buro yn Amsterdam binne der 12 ôfdielings, yn alle provinsjes ien, dy't mei in eigen budzjet bydrage oan projekten mei ympakt op ’e mienskip.

Wat wurdt dyn taak?

As lid fan it bestjoer komst fjouwer kear yn ’t jier gear mei in ynspirearjende groep fan noch fiif eksperts, ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok. Mei-inoar beslute jimme oer de bydrage oan de yntsjinne projekten op it mêd fan byldzjende keunst, skiednis en letteren, kultureel erfgoed, muzyk, teäter, dûns en film, buertkultuer en natuer.

Alle yntsjinne fersiken binne al foarsjoen fan in ‘pre-advys’ troch it buro. Do tinkst mei oer de advizen op alle mêden en bringst ekspertize oangeande de oanfragen foar teäter yn. Do tinkst mei oer de provinsjale en lanlike strategy. Do bist 'ambassadeur' fan it Cultuurfonds.

Wat nimsto mei?

Fan dy ferwachtsje wy datst de nedige ekspertize hast op it mêd fan teäter, datst in ‘frisse blik’ hast op it wurkterrein en beskikst oer in goed netwurk yn de provinsje Fryslân. Dêrneist is it fan belang datst yn de provinsje wennest en de Fryske taal ferstiest.

Wat biede wy dy?

• Meitinke mei- en meidwaan oan de strategy fan de ôdieling Fryslân en it lanlik Cultuurfonds op it mêd fan kultuerbelied, mesenaat, nije gearwurkingspartners ensfh.
• Utnûgings foar iepeningen fan projekten dy’t mei bydragen fan it Cultuurfonds ta stân kommen binne.

Wa bisto?

Wy stribje nei in ferskaat en ynklusyf Cultuurfonds. Wy sjogge dan ek út nei in kandidaat dy't ús bestjoer yn alderhanne opsichten fuortsterket.

Entûsjast wurden?

Bist entûsjast wurden? Stjoer dan foar moandei 22 jannewaris 2024 dyn motivaasjebrief mei CV nei friesland@cultuurfonds.nl.

Fragen?

4 A5 A9204
Mirjam Sutman Meijer
ambtelijk secretaris
mirjam@cultuurfonds.nl