
Fakatueres
Bestjoersleden it Cultuurfonds Fryslân
Wy sykje mei yngong fan 1 jannewaris 2027 foar it Cultuurfonds Fryslân twa nije leden mei in brede belangstelling foar de kulturele sektor. Ien dêrfan sil ponghâlder wurde.
Wat silst dwaan?
As lid fan it bestjoer komst fjouwer kear yn ’t jier gear mei in ynspirearjende groep fan noch fjouwer eksperts, ûnder foarsitterskip fan de kommissaris fan de Kening, A.A.M. Brok. Mei-inoar beslute jimme oer de bydrage oan de yntsjinne projekten op it mêd fan byldzjende keunst, skiednis en letterkunde, muzyk, teäter, dûns en film, en natuer.
Alle yntsjinne fersiken binne troch it buro al fan in ‘pree-advys’ foarsjoen. Do tinkst mei oer de advizen op alle mêden en bringst dyn ekspertize yn. Praatst mei oer de provinsjale strategy. Do bist ‘ambassadeur’ fan it Cultuurfonds Fryslân en giest sa no en dan op útnûging by projekten op besite.
Foar de funksje fan ponghâlder jildt datst bûten de gearkomsten om de finânsjes fan it fûns kontrolearrest. Dêrby wurdst troch it buro stipe.
Wat nimst mei?
Fan dy ferwachtsje wy datst de nedige ekspertize op it mêd fan kultuer hast, beskikst oer in goed netwurk yn ‘e provinsje Fryslân en ek yn ‘e provinsje wennest. Dêrnjonken binne de gearkomsten yn it Frysk. In iepen hâlding oangeande de Fryske taal is dan ek in betingst.
Wat biede wy dy?
- Meitinke mei en meidwaan oan de strategy fan de ôfdieling Fryslân en it lanlik Cultuurfonds op it mêd fan kultuerbelied, mesenaat, nije gearwurkingspartners ensfh.
- Utnûgings foar iepenings fan projekten dy’t mei bydragen fan it Cultuurfonds ta stân kommen binne.
- In fergoeding fan 250 euro de gearkomste.
Wa bisto?
Wy stribje nei in ferskaat en ynklusyf Cultuurfonds. Wy sjogge dan ek út nei in kandidaat dy’t ús bestjoer oer alle boegen fuortsterket.
Entûsjast wurden?
Stjoer dan fóár 16 novimber 2026 dyn motivaasjebrief mei cv nei friesland@cultuurfonds.nl
Fragen?

mirjam@cultuurfonds.nl