Kultuerfûns Fryslân ynvestearret goed 123.000 euro yn 32 kultuerprojekten

Het Weefcollectief uit Oosterwolde
It is elk fearnsjier mooglik om in finansjele bydrage foar in projekt oan te freegjen. De kritearia dêr 't in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it Cultuurfonds. Hjirûnder ljochtsje wy in pear takennings ta. De folsleine list mei takennings út dizze tredde ronde is te finen op https://www.cultuurfonds.nl/kwartaaltoekenningen-vierde-kwartaal-2022-friesland
Museum Ruurd Wiersma
Stichting Ruurd Wiersma krijt 5.000 euro foar it museum Ruurd Wiersma. De bydrage is ornearre foar de werynrjochting, in fisuele presintaasje en in jubileumeksposysje omdat yn 2023 it museum 40 jier bestiet. ~De eksposysje omfettet in eigentiidske oersetting fan it ferhaal fan Ruurd Wiersma foar in nij, jonger en breder publyk.
150 jier Hindoestaanske migraasje
De stichting Cultureel Centrum Mahatma Gandhi krijt 4.300 euro foar projekten oer 150 jier Hindoestaanske migraasje skiednis. De aktiviteiten bestean ûnder oare út lêzingen, in tentoanstelling en in dokumintêre.
Nij weeftou foar it Weefcollectief
It Weefcollectief út Easterwâlde krijt 12.500 euro foar de oanskaf fan in TC 2 weeftou. In troch de kompjûter oanstjoerd tou dêr 't in soad kombinaasjes mei makke wurde kinne. De bydrage wurdt takend út it Dames Tiemersma Fûns, in fûns foar projekten op it mêd fan tekstile foarmjouwing en muzyk foar jongerein.