Cultuurfonds Fryslân stipet kultuer- en natuerprojekten

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it tredde fearnsjier fan 2021 foar € 60.500 bydroegen oan 22 kultuer- en natuerprojekten yn Fryslân.
27 september 2021
Cultuurfonds Fryslân stipet kultuer- en natuerprojekten

It is alle fearnsjierren mooglik om in finansjele bydrage foar in projekt oan te freegjen. De kritearia wêr’t in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de website fan it Cultuurfonds. Hjirûnder ljochtsje wy guon takennings ta. De folsleine list mei takennings út dizze tredde omgong is te finen op www.cultuurfonds.nl/fryslân

Teaterfoarstelling Transcendence

Stichting Popcultuur Neushoorn krijt € 5.000 foar de teaterfoarstelling Transcendence wêrby teater kombinearre wurdt mei serious gaming en de besiker ûnderdiel is fan de ferhaalline. Eltse besiker folget in unike yndividuele ferhaalline troch oanwizings op de tillefoan.

Biodiversiteit Dronrijp

Vereniging Dorpsbelang Dronrijp krijt € 2.000 foar it projekt Natuurlike variatie yn Dronrijp, liever rijk dan kwijt. Troch it ynsiedzjen van lânseigen siedmingsel wol men de biodiversiteit ophelpe. Ek komme der in trijetal ynsektehotels en wurde der lessen jûn oer biodiversiteit.

Restauratie Sint Marcusbeeld

RK Parochie Sint Vitus krijt € 2.000 foar de restauraasje fan in houten byld fan Sint Marcus út de eardere parochy fan de Hillige Sint Marcus yn Jirnsum. It byld krijt nei de restauraasje in plak yn de Dominicustsjerke yn Ljouwert.