Kultuerfûns Fryslân stipet foar goed 65.000 euro 21 kultuer - en natuerprojekten

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it lêste fearnsjier fan 2021 oan 21 kultuer - en natuerprojekten in finansjele bydrage tasein. It giet om in bydrage fan yn totaal 65.500 euro.
6 december 2021
Kultuerfûns Fryslân stipet foar goed 65.000 euro 21 kultuer - en natuerprojekten
Fotocredits:
Kibboets Franeker

It is elk fearnsjier mooglik om in finansjele bydrage foar in projekt oan te freegjen. De kritearia dêr 't in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it Cultuurfonds. Hjirûnder ljochtsje wy in pear takenningen ta. De folsleine list mei takennings út dizze tredde ronde is te finen op de pagine Toekenningen vierde kwartaal Fryslân (cultuurfonds.nl) 

Educatieproject oer de Otter

Stichting It Fryske Gea ûntfangt € 3.000 foar it edukaasjeprogramma oer de otter foar basisskoalbern. Learlingen leare hokker gefaren de otter tsjinkomt en wat der tsjin dien wurdt om de otter as ambassadeur fan de natuer yn Fryslân te behâlden.

Ut Liwwarder Bieroproer

Stichting BUOG ûntfangt € 10.000 foar de muzykteäterfoarstelling Ut Liwwarder Bieroproer yn de binnenstêd fan Ljouwert. Yn gearwurking mei winkellju en omwenners meitsje se in byldzjende foarstelling mei sang, dûns, moderne muzyk en rap oer de bieroproer yn 1487 wêrby 't Haarlems bier dronken waard yn stee fan it mindere Ljouwerter bier.

Monumint Kibboets Frjentsjer

Stichting Historisch Centrum Franeker krijt € 2.000 foar in monumint by de eardere kibboets yn Frjentsjer ta neitins oan de bewenners dy 't slachtoffer wurden binne fan de Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch. De kibboets wie in hachsjara, in Joadske lânbouskoalle dêr 't jonge sionisten harren tarieden op emigraasje nei Palestina.